Omrop Fryslân ~ Niet geknecht ~ It ferhaal fan it Friesch Dagblad yn de Twadde Wrâldoarloch

No Comments yet

Wat soesto as nijsmedium dwaan yn tiden fan oarloch? Hoe hâldst dy steande en hoe fier giest mei yn wat de besetter wol, sûnder datst dyn prinsipen los litst? It is wêr’t it Friesch Dagblad yn de Twadde Wrâldoarloch mei wraksele, lykas alle kranten yn Nederlân yn dy tiid. As iennige deiblêd hie it Friesch Dagblad de moed om de krante stop te setten yn 1941.

Ien fan de ferslachjouwers en plakferfangend haadredakteur by it Friesch Dagblad út dy tiid, Jan de Haan, hat as in deiboekferslach de ûntwikkelingen stap foar stap beskreaun. Hoe’t de krante hieltyd mear ûnder druk fan de Dútsers setten wurdt en hoe’t de meiwurkers dêr nachts wekker fan lizze. De dilemma’s dêr’t se mei te krijen hawwe en hoe’t dêr oer diskusjearre wurdt. Hoe’t der drige wurdt mei in ferbod op it útbringen fan de krante en it gefaar dat se op in stuit rinne om arrestearre te wurden. En dan hoe’t de krante him ‘niet geknecht’ wurde lit en de ear oan himsels hâldt troch de krante stop te setten.

De oantekeningen waarden nei de oarloch oardene en as brosjuere útbrocht: ‘Niet geknecht’. It Friesch Dagblad en Omrop Fryslân hawwe yn oparbeidzjen mei-inoar in film makke fan it ferhaal. De taal en wurden dy’t De Haan brûkt hat yn syn ferhaal, binne tekenjend foar de tiid en it grifformearde karakter fan it Friesch Dagblad fan doe, en hawwe liedend west foar it meitsjen fan de film. De orizjinele tekst is ynsprutsen troch Thijs Feenstra, dy’t we noch kenne as feedokter yn Baas Boppe Baas. De sênen binne tekene troch yllustrator Laurens Bontes fan Ljouwert. Dêrneist is der in nije útjefte makke fan de brosjuere, mei tekeningen út de film en in neiwurd fan Lútsen Kooistra, útsprutsen op syn ôfskied as haadredakteur fan it Friesch Dagblad op freed 21 april.

Sjoch: http://www.omropfryslan.nl/programma/niet-geknecht
Sjoch ek: http://interviewsdehaan.blogspot.nl/2015/04/niet-geknecht-van-jan-de-haan.html

Het verhaal van het Friesch Dagblad in de Tweede Wereldoorlog

Wat zou jij als nieuwsmedium doen in tijden van oorlog? Hoe houd je je staande en hoe ver ga je mee in wat de bezetter wil, zonder dat je je principes loslaat? Daarmee worstelde het Friesch Dagblad in de Tweede Wereldoorlog, net als alle kranten in Nederland in die tijd. Als enige dagblad had het Friesch Dagblad de moed om de krant stop te zetten in 1941. Omrop Fryslân maakte een film bij het verhaal, die zaterdag 22 april is uitgezonden.

Een van de verslaggevers en plaatsvervangend hoofdredacteur van het Friesch Dagblad uit die tijd, Jan de Haan, heeft als een dagboekverslag de ontwikkelingen stap voor stap beschreven. Hoe de krant steeds meer onder druk van de Duitsers wordt gezet en hoe de medewerkers daar ’s nachts wakker van liggen. De dilemma’s waar ze mee te maken hebben en hoe daar over gediscussieerd wordt. Hoe er gedreigd wordt met een verbod op het uitbrengen van de krant en het gevaar dat ze op een gegeven moment lopen om gearresteerd te worden. En dan hoe de krant zich ‘niet geknecht’ laat worden en de eer aan zichzelf houdt door de krant stop te zetten.

De aantekeningen werden na de oorlog geordend en als brochure uitgegeven: ‘Niet geknecht’. Het Friesch Dagblad en Omrop Fryslân hebben samen een film gemaakt van het verhaal. De taal en woorden die De Haan gebruikt heeft in zijn verhaal, zijn tekenend voor de tijd en het gereformeerde karakter van het Friesch Dagblad van toen, en zijn leidend geweest voor het maken van de film. De originele tekst is ingesproken door Thijs Feenstra, die we nog kennen als veearts in Baas Boppe Baas. De scènes zijn getekend door illustrator Laurens Bontes uit Leeuwarden. Tevens is er een heruitgave gemaakt van de brochure, met tekeningen uit de film en een nawoord van Lútsen Kooistra, dat ook wordt uitgesproken tijdens zijn afscheid als hoofdredacteur van het Friesch Dagblad op vrijdag 21 april.

http://www.omropfryslan.nl/persbericht/niet-geknecht

image_pdfimage_print
Bookmark and Share

Comments

Leave a Reply





What is 8 + 18 ?
Please leave these two fields as-is:
IMPORTANT! To be able to proceed, you need to solve the following simple math (so we know that you are a human) :-)



Ads by Google

  • About

    Rozenberg Quarterly aims to be a platform for academics, scientists, journalists, authors and artists, in order to offer background information and scholarly reflections that contribute to mutual understanding and dialogue in a seemingly divided world. By offering this platform, the Quarterly wants to be part of the public debate because we believe mutual understanding and the acceptance of diversity are vital conditions for universal progress. Read more...
  • Support

    Rozenberg Quarterly does not receive subsidies or grants of any kind, which is why your financial support in maintaining, expanding and keeping the site running is always welcome. You may donate any amount you wish and all donations go toward maintaining and expanding this website.

    10 euro donation:

    20 euro donation:

    Or donate any amount you like:

    Or:
    ABN AMRO Bank
    Rozenberg Publishers
    IBAN NL65 ABNA 0566 4783 23
    BIC ABNANL2A
    reference: Rozenberg Quarterly

    If you have any questions or would like more information, please see our About page or contact us: info@rozenbergquarterly.com
  • Like us on Facebook

  • Follow us on Twitter


  • Ads by Google
  • Archives